Binnenfeartskippers ferfiere wer mear lading

18 mrt 2015 - 11:52

It giet wer better mei de binnenfeart. Skippers hawwe it ôfrûne jier goed 3 prosint mear guod ferfierd, sa hat it Sintraal Buro foar de Statistyk berekkene. Yn it noarden is benammen it ferfier fan konteners en boumateriaal lykas sân en grint tanaam.

Noardlik foarsitter Ype Dijkstra fan skippersferiening Schuttevaer fynt dat der noch wol wat te winnen is. Sa hat de rûte Lemmer-Delfsyl nije brêgen en slûzen krige, mar de oanlizzende binnenhavens kinne noch wol wat omtinken brûke.

Dykstra hopet dat oerheid en bedriuwen faker sogge nei ferfier fan guod oer it wetter as alternatyf foar ferfier oer de dyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)