Goed 3 ton euro beskikber foar ekstra behear greidefûgels

17 mrt 2015 - 20:01

De provinsje stelt goed trije ton beskikber foar ekstra behear fan greidefûgels. Der is 50.000 euro beskikber foar de beskerming fan de skries, tsjirk en fûgels op boulân.

Boeren kinne ûnder bepaalde betingsten subsydzje oanfreegje om nêsten en jonge fûgels op it lân ekstra te beskermjen. Boppedat is der noch 250.000 euro subsydzje beskikber foar it opheegjen fan it wetterpeil yn greidefûgellânskippen.

Mear ynformaasje is hjir te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)