Dochs in fytsbrêge by De Tike oer de Sintrale As

Der wurdt dochs in fytsbrêge boud oer de Sintrale As by De Tike. Dat hat it kolleezje fan deputearre steaten ien dei foar de steateferkiezings besletten. Wat foarsjennings oanbelanget binne De Tike en Nyegea bot meielkoar ferbûn.
De provinsje wie ynearsten tsjin in brêge en woe fytsers trije en heale kilometer omfytse litte. No't in tal oare ferkearsprojekten yn de regio earst net trochgean is der dochs jild fûn foar de bou fan in brêge foar fytsers út beide doarpen. Dy mei goed ien miljoen euro kostje en moat ein 2016 klear wêze.