Regear grypt yn by fertragings feartsjinst nei It Amelân

Fearboat Oerd fan Wagenborg © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
It regear moat foar 1 maaie in oplossing betinke foar de fertraging mei de feartsjinst nei It Amelân. Dat wol de Twadde Keamer. De boat fan Holwert nei It Amelân hat fertraging by mear as helte fan de kearen dat er giet.
Keamerlid Aukje de Vries fan de VVD hat har nocht fan it geharrewar fan ferskate partijen oer dy fertragingen. Se fynt dat it regear yn oerlis mei de gemeente It Amelân en rederij Wagenborg om 'e tafel moat om in oplossing te betinken. De keamer naam har moasje dêroer oan.