Jelle Hiemstra net by listlûkersdebat

17 mrt 2015 - 15:15

Friese Koers docht tiisdei net mei oan it listlûkersdebat fan Omrop Fryslân en de Fryske kranten. Listlûker Jelle Hiemstra fynt it skandalich dat foar it streekrjochte debat op tv allinne de njoggen partijen frege binne dy't yn 2011 keazen binne. Dêr heart Friese Koers net by.

De oare partijen komme pas nei it tv-debat oan bar as it debat fierder giet op ynternet. Friese Koers giet dêr net mei akkoart. Omrop Fryslân hat foar dizze opset keazen omdat it foar de sjogger ûnmooglik is om de stânpunten fan 14 partijen tagelyk te ferwurkjen.

Om dy reden is it debat yn twa dielen knipt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)