Ald-direkteur Sviatoslav wer ôfwêzich by rjochtsaak

De eardere direkteur fan de stifting Sviatoslav, dy't tiisdei foar de rjochter komme moast, is wer net opdaagjen kaam. De man wol neffens de rjochtbank allinne komme as de saak achter sletten doarren behannele wurdt. De plysje hat noch by de man oan de doar west, mar hy soe op dit stuit yn Tadzjikistan sitte.
De ynwenner fan Skearnegoutum wurdt fertocht fan it besykjen om in 13-jierrige út dat lân te ferlieden. Justysje neamt it in seldsume foarm fan minachting fan de rjochtbank dat de man wer net opdaagjen kaam.
Ek by in eardere behanneling fan de saak ferskynde er net yn de rjochtbank. De fertochte is yntusken gjin direkteur mear fan de stifting Sviatoslav. Fanwege de negative publisiteit krige de stifting minder jild binnen en koe it lean fan de man net mear betelle wurde.