Henry van der Vegt nije technysk direkteur SC Cambuur

17 mrt 2015 - 12:03

Henry van der Vegt wurdt de nije technysk direkteur by SC Cambuur. De 43-jierrige âld-betelle fuotballer fan ûnder oare FC Zwolle, Willem II en Udinese yn Italië hat earder yn de lieding sitten by Zwolle, RKC en Willem II. Van der Vegt is by de Ljouwerters de opfolger fan technysk manager Marcel Keizer.

Mei algemien direkteur Ard de Graaf sil hy de deistige lieding by Cambuur fersoargje. Van der Vegt begjint op 1 maaie. Hy hat in kontrakt tekene foar ûnbepaalde tiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)