Nije bedriuwsbeurs yn Crystalic: Stend

17 mrt 2015 - 11:28

Crystalic yn Ljouwert wurdt it nije ûnderkommen fan in jierlikse netwurkbeurs foar bedriuwen, mei de namme Stend. Neffens inisjatyfnimmers Jan-Dirk van Ravesteijn en Maria van Tuinen giet it om in betelbere beurs, bedoeld foar alle ûndernimmers. Se kamen op it idee om't it neffens harren hieltiid dreger en djoerder is foar lytsere bedriuwen om in plakje te krijen op in grutte beurs.

Woansdei 15 april is de edysje fan Stend.

Trefwurden: 
Crystalic bedriuwsbeurs Stend
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)