CNV: Wurkdruk skjinmakkers fleanbasis te heech

Skjinmakkers fan fleanbasis Ljouwert kleie by it fakbûn oer de hege wurkdruk, seit fakbûn CNV. Neist de fleanbasis binne de marinebasis yn Den Helder, de Bernhardkazerne yn Amersfoort en de Prinses Margrietkazerne yn Wezep plakken dêr't de wurkdruk heech is. It giet om 150 meiwurkers dy't fia skjinmakkersbedriuw GOM ynhierd wurde.
It bedriuw hat neffens it fakbûn in soad wurk ynhelle mei de belofte goedkeaper wurkje te kinnen. It bedriuw set yn op minder wurkoeren, wêrtroch de wurkdruk tanaam is.
It fakbûn hat de direksje fan GOM útnoege om foar te dwaan hoe't it wurk yn minder oeren te dwaan is.