Syktocht nei bommen by Akkrum

17 mrt 2015 - 08:09

Yn Akkrum sil dizze dagen socht wurde nei bommen út de Twadde Wrâldoarloch. Op it plak der't de nije Polsleatbrêge komme moat, leit mooglik noch net ûntplofte munysje. It giet nei alle gedachten om trije bommen.

Dy moatte fuorthelle wurde foar't it wurk begjint oan de nije rûnwei dy't om Akkrum hinne oanlein wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)