Sneu ferlies Jong Hearrenfean by Jong Willem II

16 mrt 2015 - 20:55

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn yn de lêste minuten de winst út hannen jûn. Yn Tilburg wûn Jong Willem II mei 2-1. De Feansters hiene it bettere spul, krigen ek kânsen, mar de ôfwurking hie better moatten. Tarik Kada sette de ploech fan trainer Tieme Klompe yn de 66e minút noch wol op foarsprong. Syn hoekskop gong rjochstreeks tsjin de touwen.

Yn de 88e minút foel de lykmakker fan de thúsploech troch Thomas Schilders. Yn de 90e minút soarge Ricardo Ippel fan 11 meter foar de winst nei hands fan Robert van Koesveld.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)