Gemeenteried Fanø yn april op besite op It Amelân

© Omrop Fryslân
It Amelân krijt ein april bûtenlânske besite. De gemeenteried en de direksje fan it Deenske Waadeilân Fanø komme dan del. Fanø is sûnt ferline jier in offisjele partner fan It Amelân. Yn septimber hat in delegaasje fan it Fryske eilân nei Denemarken ta west om in gearwurkingsoerienkomst te ûndertekenjen. De Denen komme nei It Amelân om te praten oer oerienkomsten tusken beide eilannen, lykas toerisme en duorsumens.
As ferdivedaasje krije de Denen ek noch in echte Amelanner jûn oanbean mei optredens fan ûnder oare it shantykoar.