Wethâlders kuierje by stimburo's del op ferkiezingsdei

16 mrt 2015 - 17:28

Wethâlders Cor Trompetter en Frans Kloosterman fan de gemeente Weststellingwerf meitsje woansdei in lange kuiertocht by ferskate stimburo's del. De tocht begjint om healwei tsienen yn it stimburo op it gemeentehûs yn Wolvegea. Dêrnei giet it oer Teridzert, Aldeholtpea, De Hoeve, Steggerda en De Blesse werom nei Wolvegea.

De rûte is ûngefear 25 kilometer lang. De tocht is ek in training foar it duo. Se dogge op 6 juny nammentlik mei oan de 42 kilometer lange Pieter Stuyvesant Kuiertocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)