Bantegea hinget de flaggen út foar Sjinkie Knegt
Yn Bantegea binne se tige grutsk op Sjinkie Knegt, sûnt snein de nije wrâldkampioen shorttrack. De flaggen hingje oan de huzen en foar it hûs fan Sjinkie is in boerd delset. Mar fan eufory is gjin sprake. It libben giet syn gewoane gong.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer seach foar Omrop Fryslân yn Bantegea en hy prate mei de bewenners.