Frysk boek út 1622 ûnder de hammer yn Amsterdam

16 mrt 2015 - 16:00

By in feilinghûs yn Amsterdam komt nije wike in opfallend boek oer Fryslân ûnder de hammer. It boek datearret út 1622 en it is hielendal mei de hân ynkleure. Skriuwer fan it boek is Pieter Winsemius, ien fan de foar-âlden fan âld-minister Winsemius fan miljeu.

It boek is doedestiids makke foar in belangrike Sweedske diplomaat. De ferwachting is dat it boek tusken de 25.000 en de 35.000 opsmite sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)