"Earste Keamerleden by PS meifergaderje goed idee"

16 mrt 2015 - 15:48

It is in goed idee om Earste Keamerleden meifergaderje te litten mei provinsjale steaten. Dat fynt âld-senator Hendrik ten Hoeve fan Stiens. Hy siet tusken 2003 en 2011 yn de Earste Keamer. It plan foar gearkomsten fan de steaten en de keamerleden komt fan twa deputearren út Limboarch en Oerisel. Sy tinke dat de kleau tusken Den Haag en de regio sa lytser wurde kin.

Ten Hoeve hat it leafst dat de Earste Keamerleden troch provinsjale steaten keazen wurde om dan de belangen fan de provinsje goed yn it each te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)