Dief besiket fytsende frou tas ôf te pakken

16 mrt 2015 - 15:16
  • (foto-ympresje)

In noch ûnbekende man hat sneintejûn yn Ljouwert besocht in frou fan har tas te berôven. De frou fan 52 fytste om in oere of alve by de Ferlingde Skrâns, doe't de man har beetpakte. De frou foel dêrtroch. Omdat se har bot fersette, naaide de dieder sûnder bút út.

In sykaksje fan de plysje nei de man hat neat opsmiten. De plysje hopet no op tips fan tsjûgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)