Garaazjes yn Drachten foar 10.000 euro bestellen

16 mrt 2015 - 14:59
  • Ien fan de bestellen auto's yn Drachten

By twa Drachtster autobedriuwen is it ôfrûne wykein foar 10.000 euro oan bannen en felgen stellen. It giet om in Toyota-dealer oan De Roef en in Peugeot-garaazje oan De Bolder. De stellerij kaam moandei oan it ljocht.

De auto's wiene op stiennen set om de bannen los te krijen. By de Peugeot-garaazje kamen de ynbrekkers ek noch yn 'e opslach. Dêr namen se tweintich bannen mei. De plysje tinkt dat de dieven de bút mei in frachtwein meinaam hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)