Wer bekladding tsjin steatelid PVV

16 mrt 2015 - 14:44
  • Wer anty-PVV-bekladding op gebou

Der hat op' e nij in bekladding tsjin de PVV plakfûn. Mei in tekst op de gevel fan de boumerk Fixet yn Jobbegea roppe ûnbekenden it PVV-kandidaat-steatelid Nick Sikkenk op om op te hâlden mei syn wurk foar de partij. Sikkenk stiet op it 9e plak foar de steateferkiezings dy't kommende woansdei plakfine.

De tekst is ûndertekene mei 'Fries Verzet', mar de PVV giet derfan út dat de 'Anti Fassistyske Aksje' derachter sit. De tekst is al wer fuorthelle. Earder waarden al huzen en auto's fan PVV-kandidaten bekladdere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)