Plysje siket tsjûgen fan brân natuergebiet Fochtelerfean

16 mrt 2015 - 14:20

De plysje siket minsken dy't mear fertelle kinne oer de brân dy't ferline wike freed wie yn natuergebiet It Fochtelerfean. Dy brân begûn by in skulpepaad dat troch it gebiet rint. De plysje hâldt rekken mei brânstichting en siket dêrom minsken dy't wat sjoen hawwe op of by it paad. Der wurdt benammen in man op in fyts socht, dy't letter ek noch praat hat mei in hurdrinner. Troch de brân is sa'n hûndert hektare natuergebiet ferlern gong.

De jonge foks dy't mei skroeiplakken binnenbrocht is by de Fûgelhelling yn Oerterp hat it net oerlibbe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)