Grutte feroarings troch ferdwinen molkkwotum

Woansdei 1 april wurdt in histoaryske dei foar de melkfeehâlders. Dan ferdwynt nei 31 jier it molkkwotum. Foar sawol de omjouwing as de boeren sels betsjutte dat grutte feroarings. Omwenners binne faaks bang dat boeren grutskalich útwreidzje sille, wylst boeren sels noch mear as ûndernimmer wurkje moatte.
Harren bestean wurdt mei it ferdwinen fan it kwotum minder seker. De prizen fan de molke wurde tenei op de ynternasjonale merk bepaald.