Seis op de tsien Friezen docht oan frijwilligerswurk

Friezen rinne foarop yn Nederlân as it giet om it dwaan frijwilligerswurk. Hast seis op de tsien fan alle Friezen docht op ien of oare wize oan frijwilligerswurk. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Sintraal Buro foar de Statistyk.
Friezen dogge it meast frijwilligerswurk op in skoalle of by in sportferiening. Yn de soarch- en wolwêzensektor wurkje ek in soad Friezen as frijwilligers. Dat komt de oerheid goed út, want de oerheid lûkt him mear en mear wêrom út dy sektor.