Supermerk op Skiermûntseach iepen mei nije eigeners

Eric en Marian Brunekreef iepenje moandei de Spar-supermerk op Skiermûntseach. It echtpear út Súd-Hollân hat de supermerk oernaam fan Edwin en Sita Schut, dy't de winkel 22 jier lang hiene. It is de iennige supermerk op it 950 bewenners tellende eilân.
De famylje Brunekreef is bekend mei it lieden fan supermerken. Earder hawwe se C1000 en Emté-supermerken hân.