Politika Jikke Cuperus komt om it libben by fal fan trep

It PvdA-gemeenteriedslid yn Kollumerlân, Jikke Schaafstal-Cuperus is sneontejûn om it libben kaam by in fal fan de trep yn har hûs yn Kollumersweach. Neffens ûndersyk fan de plysje giet it om in ûngelok. Jikke Cuperus (67) wie sûnt 1987 aktyf foar de PvdA, earst yn provinsjale steaten en de lêste tiid yn de gemeenteried. De gemeenteried fan Kollumerlân komt moandeitejûn byelkoar om har te betinken.
Sjoerd Keizer, fraksjefoarsitter fan de PvdA, neamt har in dreaune en sosjaal bewogen frou. Har dea is in grutte klap.