Follybalsters Snits ferlieze by Alterno

15 mrt 2015 - 17:45

De follybalsters fan Snits koene it sneintemiddei net oprêde tsjin Alterno. Yn Apeldoorn waard it 3-1 foar de thúsploech. De setstannen: 25-16, 25-23, 20-25 en 25-19. Alterno wie oer alle boegen krekt wat skerper as de froulju fan Petra Groenland. Yn de kampioensgroep sakke Snits nei it tredde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)