FVC ferliest yn Meppel fan MSC

FVC © Omrop Fryslân
FVC koe sneintemiddei yn Meppel tsjin MSC net foar in stunt soargje. MSC, de nûmer twa yn de sneinshaadklasse, kaam krekt foar it skoft op foarsprong. Nei de tee waard it 3-0 foar de thúsploech. Yn de einfaze kaam FVC los. Jordy van Loon en Ralph Wietses brochten de spanning werom, mar dêr bleau it by. FVC bliuwt lêste op 'e ranglist.