Shorttrackers pakke brûns op de WK ôflossing

15 mrt 2015 - 16:15
  • Sjinkie Knegt moat oan 'e bak

De Nederlânske shorttrackploech mei wrâldkampioen yndividueel Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Freek van der Wart en Mark Prinsen hat yn Moskou de wrâldtitel op de 5000 meter ôflossing net prolongearre. It kwartet moast it dwaan mei in brûnzen medalje. Yn de race wie de ploech fan Súd-Koreä al gau kânsleas troch in falpartij. Yn de spannende finale besocht Sjinkie Knegt om koprinner Sina yn te heljen. Dat slagge net en yn de lêste bocht pakte Hongarije it sulver.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)