Wetterskipsdei live by Omrop Fryslân op televyzje

Omrop Fryslân hat snein de hiele dei omtinken foar de wetterskipsferkiezings mei in live-programma út it Woudagemaal wei. Tagelyk mei de provinsjale steaten kin woansdei ek stimd wurde foar in nij wetterskipsbestjoer.
De kampanjes foar it wetterskip snije der finaal ûnder. De kandidaten hawwe dêr wol begryp foar. Dochs sjogge se ek wol foardielenfan dielde ferkiezings. De opkomst foar de wetterskipsferkiezings binne altyd leech. Trochdat minsken no dochs al nei de stimbus gean om foar de provinsje te kiezen, sil dat dit jier oars wêze.