Auto botst op beam op It Hearrenfean

By in iensidich ûngelok op It Hearrenfean binne snein in man en in frou ferwûne rekke. De beide sieten yn in auto, dy't neffens tsjûgen mei flinke gong tsjin in beam flein is op de K.R. Poststrjitte. De ynsittenden binne mei lichte ferwûnings nei it sikehûs brocht.
Troch de botsing ûntsie der oerlêst foar it ferkear. It wie snein drok op It Hearrenfean fanwege de fuotbalwedstriid SC Hearrenfean-Ajax. Minsken dy't nei it Abe Lenstrastadion woene, hiene lêst fan fertraging.