Sjinkie Knegt útskeakele op de 1000 meter op it WK yn Moskou

Sjinkie Knegt © awfoto.nl
Sjinkie Knegt is yn de heale finale fan de 1000 meter op it WK shorttrack útskeakele. Yn Moskou like it derop dat er ûnderút riden waard troch in Sinees. De sjuery joech lykwols de Bantegeaster in penalty. Knegt hie syn kwartfinale noch mei oermacht wûn. Ek de lieder yn it klassemint, de Rus Semen Elistratov, krige deselde straf as Sjinkie Knegt. Daan Breeuwsma waard yn de kwartfinale útskeakele.