100 km oan nije fytspaden yn Fryslân

15 mrt 2015 - 13:54

Fryslân hat der de lêste fjouwer jier 100 kilometer oan fytspaden by krige. Dat docht bliken út ûndersyk fan de NOS yn de mande mei de regionale omroppen.

De nije fytspaden hawwe de provinsje 11 miljoen euro koste. Dêrmei is Fryslân yn ferhâlding goedkeap út: Gelderlân hat 43 miljoen euro útjûn foar 29 kilometer nij fytspaad, en Grinslân hat foar 4 miljoen euro 17 kilometer fytspaad krigen.

Trefwurden: 
Fryslân fytspaad
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)