Bruorren oppakt op Skiermûntseach

© ANP XTRA
De plysje hat ôfrûne nacht op Skiermûntseach in 24-jierrige Amsterdammer en syn 30-jierrige broer út Naarden oppakt. De man út Amsterdam hie by fjochterij op de Reewei ien skopt en slein. De plysje naam him mei nei it buro.
De broer fan de oppakte man kaam mei in oar famyljelid nei it buro ta. De broer sloech hieltyd op de ruten fan it plysjeburo. De plysje frege him dêrmei op te hâlden, mar de man gie troch. Dêrop waard hy ek oanholden. Tsjin beide bruorren is proses-ferbaal opmakke.