Befeiliger slein troch jonge op feest yn Koudum

© Omrop Fryslân
In befeiliger is sneontenacht yn Koudum slein en yn it gesicht flibe troch in 19-jierrige jonge út in doarp yn de gemeente De Fryske Marren. Dat wie by in feest yn it multyfunksjoneel sintrum oan de Tinholtstrjitte.
De befeiliger hat de jonge oerdroegen oan de plysje. Hy hat oanjefte dien. De jonge sit noch fêst. Hoe't de jonge ta syn die kaam, is noch ûnbekend.