Shorttrackers nei finale ôflossing 5000 meter

14 mrt 2015 - 16:56
  • De Nederlânske shorttrackploech

Shorttrackers Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma en Itzhak de Laat hawwe har sneon pleatst foar de finale op de 5000 meter relay by it WK shorttrack yn Moskou. De shorttrackmanlju einigen as twadde yn de heale einstriid. Dêr kaam it nedige gelok oan te pas want yn de slotmeters gie Ingelân ûnderút, wêrtroch Knegt as twadde oer de einstreek glied. De winst wie foar Hongarije.

Yn de heale finale kaam De Laat net yn aksje. Oft er snein by de finale wol oan de start stiet is noch net wis. Bûnscoach Otter moat dêr noch in beslút oer nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)