Harkemase Boys wint mei 4-0 fan WVF

Harkemase Boys wûn sneon mei 4-0 fan de nûmer lêst WVF. De iepeningstreffer op sportpark De Bosk kaam op namme fan Heine Uuldriks. Henny Bouius tekene dêrnei foar de 2-0, wêrnei't Robin Huisman de Jong op slach fan rêst út in frije traap de 3-0 op it boerd sette. Nei rêst soarge Uuldriks mei syn twadde treffer foar de 4-0 einstân.
Troch de winst komt Harkemase Boys op 41 punten út 19 wedstriden. Boppedat binne de Harkiten perioadekampioen.