Knegt fjirde op 500 meter by WK shorttrack

14 mrt 2015 - 16:13

Sjinkie Knegt is sneon as fjirde en lêste enige yn de finale fan de 500 meter. De Sinees gie nei de Sinees Wu Dajing, de foar Hongarije ridende Sinees Sandor Liu waard twadde en de Sinees Han Tianyu tredde. Sjinkie Knegt lei de hiele race op it fjirde plak en makke it de trije Sinezen net al te dreech.

Knegt pakte earder op de dei al sulver op de 1500 meter. Troch syn fjirde plak op de 500 stiet Knegt no nei twa ôfstanden tredde yn it klassemint nei de Rus Elistratov en de Sinees Wu.

Neffens eigen sizzen wie Knegt 'te wurch' foar in better resultaat yn de finale rit. "It wie myn achtste rit fan de dei, it woe net mear", sa sei de Bantegeaster nei de race.

Trefwurden: 
shorttrack Sjinkie Knegt WK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)