Knegt ek nei finale 500 meter op WK

14 mrt 2015 - 15:49

Sjinkie Knegt hat him sneon pleatst foar de finale op de 500 meter by it WK shorttrack yn Moskou. Yn de heale finale einige de Bantegeaster as twadde achter de Sinees Han. Yn de finale sil Knegt it opnimme tsjin de Sinees Wu en de Hongaar Liu. Opfallend is de útskeakeling fan de Rus Semen Elistratov. Hy wist him net te pleatsen foar de finale.

Earder op de dei wûn de Rus noch de 1500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)