WK: Breeuwsma en Knegt troch nei finale 1500 meter

14 mrt 2015 - 13:59

Shorttrackers Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma hawwe harren sneon pleatst foar de finale fan de 1500 meter op it WK shorttrack yn Moskou. Yn de heale finale einige Breeuwsma as twadde en pleatste him foar de earste kear yn syn karriêre foar de A-finale. Tige spannend wie it by Sjinkie Knegt. Hy finishte as tredde en like dêrtroch de A-finale te missen.

Mar troch in beslút fan de sjuery gie de Bantegeaster dochs troch nei de einstriid. Rianne de Vries einige yn de heale finale op de 1500 meter as fyfde en wie dêrmei útskeakele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)