Aksje tsjin fergriemen fan fisk yn Ljouwert

14 mrt 2015 - 12:41

Yn it sintrum fan Ljouwert wurdt sneontemiddei aksje fierd tsjin it fergriemen fan iten. De kustfiskers Jan Geertsema en Barbara Rodenburg wolle minsken ynformearje oer it minder fergriemen fan fisk. De fiskers wolle minsken sjen litte dat je fan alle ûnderdielen fan fisk, skaal- en skulpbisten fiskprodukten meitsje kine en dat je eins neat hoege fuort te smiten.

Oan de aksje op de Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert waard ek meidien troch in seemearmin.

Trefwurden: 
fisk iten fergrieme seemearmin
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)