Gymnasium Beyers Naudé hâldt op mei brûken iPad yn de les

14 mrt 2015 - 12:12
  • Tablet

It Ljouwerter gymnasium Beyers Naudé hâldt nei trije jier op mei it brûken fan iPads yn de lessen. It wie in proef en der is besletten om de iPads net skoallebreed yn te setten. Der is net genôch goed lesmateriaal beskikber foar de iPad, seit de skoallelieding. Dêrmei hat de IPad gjin mearwearde yn fergeliking mei it gewoane lesmateriaal, seit de skoalle.

It is in opmerklik beslút, want de skoalle wie eins fan doel om troch te gean mei de ynset fan de iPad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)