Panhúsbrêge by Tsjerkwert tydlik net te brûken

It wurk oan de Panhúsbrêge by Tsjerkwert leit op skema. De brêge yn de dyk tusken Boalsert en Warkum giet sneontenacht tolve oere wer iepen foar it ferkear. Fytsers en kuierders kinne oant dy tiid mei in pont oer de feart. De brêge wie tenein. Fierder is nij dat der gjin brêgewipper mear op de brêge komt. De brêge wurdt tenei út Warkum wei betsjinne.
Freedtejûn om seis oere is mei it projekt útein set. Om foar te kommen dat it autoferkear oer de lytse doarpen rydt, waard de dyk by Boalsert en Warkum ôfset.
Ferkearsregelers fertelle de minsken hoe't se ride moatte om op it plak fan bestimming te kommen.