Douwe de Vries rydt nij wrâldoererekôr yn Calgary

13 mrt 2015 - 23:08
  • Douwe de Vries

Douwe de Vries hat yn Calgary in nij wrâldoererekôr reedriden delsetten. De 32-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean ried 42 km en 252 meter. It âlde rekôr stie op namme fan Casper Helling dy't op 15 maart 2007 yn Salt Lake City 41.969 km en 10 sintimeter ried. Douwe de Vries, it ôfrûne wykein op itselde iis noch sechsde op it WK allround, kaam nei sa'n 50 rûntsjes foar it earst ûnder de tiid fan Helling.

Mei rûntsjes fan 33 heech en letter mei 34-ers waard syn foarsprong hieltyd grutter. Mei-inoar ried er 106 rûntsjes.

It earste wrâldoererekôr op redens waard yn 1888 delsetten troch de Brit Charles Goodman Tebbutt. Hy ried 22.591 meter. Hilbert van der Duim pakte yn 1986 yn Thialf it rekôr (39.492,80 meter). Ek Alvestêdetochtwinner Henk Angenent (Calgary-41.669,49 meter) hat it rekôr yn hannen hân.

By de froulju hat Maria Sterk fan Hallum noch altyd it rekôr. Se ried yn 2005 yn Thialf 36 km, 441 meter en 26 sintimeter. Moai detail: Douwe de Vries is fan oarsprong ek in Hallumer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)