Fryske Steateleden misse kwalik steategearkomsten

14 mrt 2015 - 07:00
  • De Fryske steaten

Fryske Steateleden misse kwalik in steategearkomste. Leit it fersompersintaazje lanlik op hast seis prosint, yn Fryslân wie dat mar 4,4 prosint. De regionale omroppen en de NOS hawwe dat ûndersocht. Steateleden yn Limboarch misse it faakst in fergadering. Dêr leit it op hast tsien prosint. Noard-Hollân komt dêr flak achteroan.

As Fryske steateleden in gearkomst misse, komt dat foaral troch sykte. Dat wie bygelyks sa foar it ûnôfhinklike steatelid Otto van der Galiën. Hy miste dêrtroch tsien fan de fyftich gearkomsten.

Fiif steateleden misten noait in gearkomste en wiene ek noait te let. Dat binne Tjerk Voigt fan de PvdA, Retze van der Honing fan GrienLinks, Johan Tjalsma fan it CDA en Ynze de Boer en Anja Haga fan de ChristenUnie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)