Henk Schraa fan Toppenhuzen fynt twadde ljipaai

De 78-jierrige Henk Schraa fan Toppenhuzen hat it twadde ljipaai fan Fryslân fûn. Yntusken leit der ek al in twadde aai en is it in twake wurden. It aai is fûn yn it eigen gebiet fan de pleatslike fûgelwacht: de Eastpolder fan Toppenhuzen. Schraa fynt it skande dat er it aai nei meinimme mei, mar hâldt him oan de nije regels.
As bewiis wurdt in foto fan it aai makke mei de aaisikerspas dernjonken as bewiis foar de pleatslike fûgelwacht. It BFVW jout mei opsetsin gjin omtinken oan de earste ljipaaien by wize fan protest.
It BFVW hat der alle betrouwen yn dat de aaien takommend jier wer meinommen wurde meie. Dat mei pas as de provinsje Fryslân oantoane kin dat it goed giet mei de ljip. En hjir sil de rjochter him wer oer bûge moatte.