Fryske shorttrackers dogge it goed op WK Shorttrack Moskou

De Fryske shorttrackers Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma en Rianne de Vries hawwe har pleatst foar de heale finales fan de 1500 meter op it WK shorttrack yn Moskou. Rianne de Vries is de iennichste Nederlânske frou dy't de heale finale helle hat.
Op de 500 meter hawwe Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma in plakje foar de heale finale ferôvere. Rianne de Vries waard op dizze ôfstân útskeakele. Op de 1000 meter hellen Knegt en Breeuwsma ek beide de kwartfinales. De Vries waard op dizze ôfstân op 'e nij útskeakele.
Freed binne de foarronden fan de 1500, 1000 en 500 meter. Sneon en snein wurde de finales riden.