Boarterstún Ballorig nominearre foar DagjeWeg-award

13 mrt 2015 - 15:11

Yndoar-boarterstún Ballorig yn Snits is nominearre foar de DagjeWeg.nl award. Ballorig striidt mei fjirtjin oare útstapkes om de titel. Mei-inoar wiene der hast 7.000 ynstjoerings. Oant 15 maaie kin it publyk stimme op de populêrste nominearren. De tsien bêste geane troch nei de finale.

Dan komt der in mystery guest del en kin it publyk op 'e nij stimme. De winner wurdt op 17 septimber bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)