Ljouwert hat lektoraat 'Circular Plastics'

De NHL yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is freed it nije lektoraat Circular Plastics oprjochte. Hjiryn wurdt ûndersyk dien nei de mooglikheden foar it op 'e nij brûke fan plestik ôffal. It lektoraat is in inisjatyf fan de hegeskoallen NHL, Stenden en Van Hall Larenstein en it Afvalfonds Verpakkingen. De provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert stypje it kennissintrum, dat op 1 april losgiet.
Yn trochsneed sammelje minsken acht kilo plestik ôffal it jier yn. It ûndersyk fan it lektoraat rjochtet him benammen op wat der mei it ynsammele plestik dien wurde kin.
Der is noch net in lektor Circular Plastics beneamd.