Gymnasiasten fine provinsjale polityk 'net sa konkreet'

Provinsjale polityk is net konkreet genôch. Dy krityk komt fan learlingen fan gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert. Freedtemoarn wie dêr in debat tusken de listûkers fan de PvdA en it CDA, Jannewietske de Vries en Sander de Rouwe. Sy diskussearren ûnder oare oer it sosjaal lienstelsel foar studinten. De learlingen binne benaud dat se har wilens de stúdzje djip yn de skulden stekke.
Ek waard der praat oer it meitsjen fan banen. De PvdA wol de kommende 4 jier 10.000 banen kreëarje. De learlingen fine de plannen fan PvdA en CDA net sa konkreet.
It waard de learlingen net dúdlik genôch om watfoar banen it dan krekt giet en hoe't dy kreëard wurde sille.