Drachtster fynt skorpioen yn hûs

13 mrt 2015 - 12:19

De plysje fan Drachten is op syk nei ien dy't in skorpioen kwyt is. It bistje waard tongersdeitejûn ûntdutsen yn in wenning oan de Sint Jansberg yn Drachten. Mar de skorpioen is net fan de bewenner.

De ûnwolkomme gast is oerbrocht nei in spesjalistysk opfangadres, sa seit de plysje op Twitter. De eigener hat him noch meld.

Trefwurden: 
Drachten plysje skorpioen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)