Fearboat It Amelân fertrage troch tige leech wetter

Fearboat Oerd fan Wagenborg © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Troch tige leech wetter hawwe de fearboaten tusken It Amelân en Holwert bot lêst fan fertraging. De oertocht duorret wol trije kertier langer omdat it hiel lestich is om oan te lizzen yn de havens. Om de oerlêst wat te beheinen wurdt in ekstra fearboat ynset.
Rederij Wagenborg tinkt dat de fertraging de hiele dei oanhâlde sil.